Seksisme binne alle uterings (died, wurd, byld, gebear) dy’t fuortkomme út it idee dat guon persoanen, meastal froulju, om ‘e wille fan harren sekse minderweardich binne.
Seksisme is skealik. It liedt ta gefoelens fan minderweardichheid, selssensuer, it oanfurdigjen fan ûntwikingsstrategyen, gedrachsferoarings en it ûnderminet de sûnens. Seksisme leit oan de basis fan genderûngelikensens. It rekket froulju ûnevenredich swier.
Seksisme is oanwêzich op alle mêden fan it libben, bygelyks:
63% fan de froulike sjoernalisten hat te krijen mei ferbaal geweld
Froulju besteegje hast twa kear safolle tiid oan net-betelle húshâldlik wurk as manlju (OESO-lannen)
80% fan de froulju jout oan op it wurk mei it fenomeen oerstallige útlis (‘mansplaining’) en troch manlju ûnderbrutsen wurde (‘manterrupting) konfrontearre te wêzen
75% fan de nijsboarnen en fan de ûnderwerpen yn de media yn Europa giet oer manlju
Yn it Feriene Keninkryk hie 66% fan de ûnderfrege famkes fan 16 – 18 jier op skoalle sels mei seksistyske taal te meitsjen of se wiene der tsjûge fan
59% fan de froulju yn Amsterdam rapportearre oer in foarm fan yntimidaasje op strjitte
Yn Frankryk hie 50% fan de ûnderfrege jonge froulju koartlyn mei ûnrjocht of fernedering te meitsjen omdat se frou binne
Undersyk yn Servië wiist út dat 76% fan de froulju yn it bedriuwslibben net like serieus as manlju nommen wurde.
Geweld begjint somtiden mei in grap
Yndividuele seksistyske hannelings lykje mooglik ûnskuldich, mar se kreëarje in klimaat fan yntimidaasje, eangst en ûnfeilichheid. Dat liedt ta akseptaasje fan geweld, benammen tsjin froulju en famkes.
Dêrom hat de Ried fan Europa besletten om der wat oan te dwaan troch in oanrekommandaasje oer it foarkommen en bestriden fan seksisme oan te nimmen.
Seksisme rekket benammen froulju. It kin ek manlju en jongens reitsje as sy harren net oan de stereotype genderrollen hâlde.
De skealike gefolgen fan seksisme kinne foar guon froulju en manlju slimmer wêze om ‘e wille fan harren etnisiteit, âldens, beheining, sosjale ôfkomst, religy, genderidentiteit, seksuele foarkar of oare faktoaren.
Guon groepen froulju bygelyks jonge froulju, politisy, sjoernalisten of bekende froulju binne spesifyk doel fan seksisme
58,2% fan de froulju dy’t yn it parlemint keazen binne, hawwe it doel west fan seksistyske oanfallen yn de sosjale media.